Wolkom op ús webstek!


Jachthaven Westerdijk is in middelgrutte jachthaven mei hast 300 lisplakken. De jachthaven leit yn it moaie natuergebiet it Nasjonale Park “De Alde Feanen” oan it Earnewâldster Wiid. It natuergebiet bestiet út marren en plassen, fearten, reidlannen en greiden. It natuergebiet is tagonklik foar rekreaasje en wettersport. Ut ’e midden fan Fryslân wei kinne jo sûnder folle opûnthâld fan brêgen of sluzen nei it Fryske marregebiet farre. De jachthaven leit net sa fier fan it lytse wettersportdoarp Earnewâld ôf.
Famyljebedriuw
Jachthaven Westerdijk is in lyts famyljebedriuw. Troch de gemoedlike sfear en de koarte linen wisten al in hiele protte wettersporters ús te finen en te wurdearjen. De jachthaven is oarspronklik boud yn 1974. Yn it jier 2000 is it bedriuw fan heit op soan oergien. Der wurkje trije famyljeleden: Bouwe, Lamina en Sytze Westerdijk.


Kwaliteit
Wy binne einliks altyd oan ’e gong mei it ferbetterjen fan de kwaliteit fan ús tsjinstferliening. Dêrom is yn de ôfrûne jierren de jachthaven folslein renovearre: om de jachthaven hinne is in nije damwand oanbrocht, der binne nije stegers oanlein en de jachthaven hat nije strjitfluorring krigen.
De stegers binne boppedat foarsjoen fan wetter- en stroompunten. Foar it seizoen fan 2007 is it toiletgebou hielendal fernijd. De jachthaven is dêrmei wer as nij en ynrjochte op jo winsken as hjoeddeiske wettersporter!

HISWA-lid
Jachthaven Westerdijk is lid fan de HISWA-feriening. Wy hantearje dêrom altyd de HISWA Algemiene Betingsten foar lis- en/of berchplakken foar boaten en lyksoartige artikels. Oan de hierders fan in lisplak wurdt in HISWA-havenreglemint en in lisplakkontrakt útrikt, sadat beide partijen presys witte wêr’t se oan ta binne.
Oant sjen?
Jo begripe dat Jachthaven Westerdijk in allround wettersportbedriuw is dêr’t jo op in fertroude en betelbere wize terjochte kinne foar in hiel soad tsjinsten. Sjogge jo ûnder de buttons yn de bopperigel om yn ‘e kunde te kommen mei al ús tsjinsten. En sille wy mar sizze: “Oant sjen by Jachthaven Westerdijk”?

